Yn 1999 en 2000 waarden op de webside fan de SKS in tal frysktalige kursiefkes fan Skippersfeint publisearre. Wy ha fan him tastimming krigen dizze as bijlage by dizze site te bringen. Mei tank dus oan skippersfeint.




Skippersfeint en it monumint fan Ype

Yndied freonen, Skippersfeint hat syn fêste plakje wer opsocht, ûnder it durkslûk, foar de mêst. Jûns en nachts út it sicht fan de skipper, oerdeis yn tsjinst fan de master oan it roer. Tsjinstber wêze lyk as bygelyks in boargemaster.
Jo kinne sizze wat je wolle, mar Ype Dykstra, de boargemaster is wier sa’n tsjinstbere man, tsjinstber as gjin oar oan de mienskip dêr’t der foar en yn libbet. Sels mei de wite pet op it plaske dat wat minder bedekt wurdt, komt der noch o sa tsjinstber oer.
Hy is wit fan de skiednis. Skippersfeit siet op in gaadlik plakje te sjen en te harkjen nei de ûntbleating fan it skûtsjemonumint. In gouden momint foar in boargemaster om syn gemeente te ‘promoten’, benammen as dy televyzjeferslachjouwer Harmen Roeland der wer by is.
Dy ek al sa tsjinstbere Roeland makket him ek al ûnmisber foar Grouster mienskip. Hy hat it monumint mei op syn plak set, meldde de ûnderboargemaster fan Boarnsterhim, Jehannes de Vries. En Ype Dykstra glimke sa as allinnich mar in boargemaster mei sa’n tsjinstbere mediapommerant yn syn haadplak glimkje mei.
Grou en Loosdrecht binne de âldste wettersportplakken fan Nederlân, fertelde tsjinstbere Ype grutsk. Skippersfeint hat de histoarje der mar ris op nei sjoen, mar yn Fryslân wurdt Aldskou earder neamd as Grou as wedstriidplak en werom is de âldste sylferiening fan Fryslân, de Keninklike Oostergoo eins yn Burgemerdaam oprjochte en net yn dat doarp fan de Sint Pieter?
En it skûtsjesilen is ek yn Grou ûntstien, sei tsjinstbere Ype noch grutsker en alle Grousters glimken grutsk, grutsker, it grutske fan it grutske. Mar soe Ype wol witte dat de skippers yn de tritiger jierren fan de foarige ieu dy skûtsjeskippers net iens mear yn Grou sile mochten omdat se tsjin in pear boatsjes fan Grousters oanbotst wienen?
En dan de stikelichheden dy’t tsjinstbere Ype útdielde tidens de iepening yn de Bierhalle. Yn it Skûtsjejournaal stie by in foto, jonges en famkes (side 31, helje it journaal mar út de skoaltas en klap it blêd krektlyk as froeger op skoalle op de goede side iepen), yn dat journaal stiet by in foto dat Lodewijk Meeter ‘angstig’ nei in skûtsje sjocht.
Tsjinstbere Ype is blykber ien fan dy trouwe tsjerkegongers, dy’t de skrift altyd sa goed nei eigen tinken útlizze kinne. Hy joech de betsjutting fan it Fryske eangst wer, mar soe tsjinstbere Ype net troch hân ha dat it Nederlânske ‘angst’ yn it Nederlânsktalige foto-ûnderskrift bedoeld wie? En dat stiet foar ‘bevreesd’.
No, wa’t ea in kop fan in skûtsje op him oankommen sjoen hat, dy hat alle reden om benaud te wêzen. Mar Ype sjocht soks net mear. Foar him is it Nederlânsk al sa fier yntegreare dat it him Frysk ta liket. En dat wylst Ype de jierren des ûnderskied dochs al passeare is. Of net soms.
Goed, net mear lekskoaie Skippersfeint. It is dochs mar moai dat tsjinstbere Ype sa’n aardich en orizjineel presintsje hie foar Jack Kreemer, mister president of the SKS, the Central Comity of the old Frisian cargo vessels with a flat underwater ship: tsjinstbere Ype joech Jack Kreemer in lyts skûtsjemonumint. Middeis stienen dy miniatueren in grutte rigen op in tafel njonken de tafel mei Beerenburg, Spawetter en oare drankjes.
Hie der net wat orizjinelers te finen west, tsjinstbere Ype, dat freget him ôf...

jimme skippersfeint


Skippersfeint en de drege organisaasje

It liket Skippersfeint ta dat it organisearjen fan skûtsjesilerijen dreech is. Net allinnich foar de SKS as oerkoepeljend laach, mar ek foar de pleatslike kommisjes. As ik alteast de hollen fan de Grouster manlju sjoch, dan komt it by mei wol sa oer. Skûtsjesilerijen útskriuwe dogge jo net foar de wille, it is in earnstige saak.
Ik seach fan it durksgat út dat de wite petten fan Grou mankelyk foar harren útseagen, doe’t se sneontemiddei nei de start fearen. Skippersfeint koe it him skoan yntinke. De wyn blabbere alle kanten út, de sinne ferdwûn sa no en dan efter de wolken en boppedat drige der in tongerbui.
En se hienen Dikkie van der Werf oan board. De man hie jierrenlang de lieding by de silerijen op Snits, makke fan de priisútrikking alle jierren wer in noflinke en lang duorjend barren en kaam mei de ûnsterflike en faak troch skûtsjeferslachjouwer Klaas Jansma “te pas en te onpas” sitearre opmerking: “Het is je van harte gegund”. Soks is foaral komysk as nûmer lêst mei dy wurden syn priis en pûdsje mei gekkichheid, oerlange krige.
(Eefkes in serieus momint tuskentroch: Skippersfeint hearde dat de grutste fan fan de Snitser Panne, Wopke Westra, freed foar de silerij de ieuwige skieppeheide opsocht hat. Skippersfeint freget him ôf wa’t no foar de nûmer lêst de 25 gûne treastpreemje beskikber stelle sil.)
De sombere minsken fan Grou krigen gelyk: it gie allegearre wat stadiger fan start as de bedoeling wie. En dy ûnnoazele omropfeint, dy pûsterige kommentator mar roppe dat se ús kant op kamen, de fjirtjin skûtsjes, mar se bleaunen ynearsten op de Ie.
De muzyk wie goed, al in hiele ferbettering mei ferliene jier doe’t fan dy nijmoadrige sankjes fan Bluf en Agda en de Munck draaid waard. (Skippersfeint miende dat de Munck in fuotbalkeeper wie, in soarte fan Ed de Goeie.)
De manlju op de skipper wienen freeslik fanatyk en hiene amper oandacht foar it publyk dat wakker stie te klapjen. Gelokkich hienen twa noch in freonlik gebaar foar de minsken op de wal. Sy hisen in reade bûsdoek as groet.
Tocht ik, mar letter die bliken dat se protest hienen. Skippersfeint kin him foarstelle dat je dan lulk op mekoar binne, mar dan swaai je net mei sa’n lape nei mekoar. Der wienen dochs gjin bollen yn de buert, dy rinne allinnich mar troch de strjitten fan Pamplona.
Letter ha se noch om mekoar socht, dy Huitema en Syperda, omdat se de striid foar de sjuery útfjochtsje woene, fertelden de minsken op it terras fan it Teehûs Skippersfeint. Dat slagge amper, want de iene siet yn de boppeseal en de oare bûtendoar. Ja, sa krije se noe striid. De skiedsrjochters ha Huitema gelyk jûn en dat ferbaast Skippersfeint net. Dy minsken út de Regenboogklasse ha se altyd al heger hân as de silers út de Bulthúsjoltsjes.
Mar dat hat Skippersfeint net mear meikrigen. Hy moast ferdwine, want in rûnfeartboat moast op it gouden plakje foar it Teehûs lizze. Fanwege de priisútrikking, seine de wite petten.
It sil wol, se moatte de lytse man altyd al ha. Mar de grutte minsken, lyk as Lodewyk Meeter, dy mei lizzen bliuwe.
No, it skûtsje is mar fuortfearn, mei Skippersfeint oan board. Derom wie dit ferhaal wat letter, want de postdo koe de Feanhoop net sa gau fine, dy siet seker by de Kast, tinkt...

Skippersfeint


Skippersfeint en de moderne tiid

It is net mear sa, beste freonen, dat elkenien him tsjinwurdich samar del leit by it gesach fan dyjingen dy’t boppen harren steld binne. Dat wie sneon by Grou te sjen op de Snitser Panne dy’t oan de bakboardkante twa opskriften hie: ‘dit is âld’ en ‘dit is nij’. It iene siet foar op de stuit en it oare efter.
Tsja, skippersfeint wist daliks wêr’t it om draaide, want dat hat fan ‘t winter wiidweidich yn it nijs west. It wie in stil protest fan de Snitsers tsjin de regleminten dy’t stranger wurde. Blykber binne se dêr yn Snits net sa wiis mei. It mei der wol stranger wurde, mar it moat wol yn it foardiel fan de Snitsers bliuwe, miskien wurdt der sa redeneare.
It is in bekende siswize dat de measte progressiven eins sa konservatyf as de pest binne. Under it mom fan de foarútgong wolle se it hâlde sa’t it is. Tsja, dêr komt men ek net fierder mei. Mar skippersfeint wit der ek ien, twa, trije, gjin oplossing foar.
Sjoch, in skûtsje sil nea in ienheidsklasse wurde, dat moat ek net want dan is de sjarme der folslein ôf. Dat idee fan dy Jacob Huisman om tsien folslein gelikense skûtsjes bouwe te litten en dermei te hurdsilen, sprekt him dan ek net oan. De sjarme fan it wurk fan de skilder mei deselde fan, Jopie Huisman, is ek dat grutte ferskaat.
It wie op de Feanhoop wer in botserij om Jo tsjin te sizzen, fernaam skippersfeint fan transistor Jansma. It gie der wreed om en ta, sa fernijde hy de minsken thús wat der op it wetter te rêden wie. Skippersfeint koe net nei de Feanhoop, doarde dat ek net fanwege dat jierlikse kanongebulder by de feesttinte. Derom hie hy mar in moai plakje yn it reid by Earnewâld opsocht. Mar troch transitor Jansma bleau hy folslein op de hichte.
It is dochs wol moai dat de media ús sa wiidweidich fertelle wat der allegearre bard. De ferhalen fan Sippy, de bylden fan Simone, de wredens fan transitor Jansma, it gekeuvel fan dy walkommintator wa’s namme amper te ferstean is, de nijsgjirrige en o sa deskundige ferhalen fan Walinga en Altena, it hâldt mar net op. En dan haw ik it noch net iens oer al dy oare skribinten en fotolju.
Skippersfeint is dan ek tige benijd nei wat Toos makke hat en hoe’t syn ferhalen op ynternet komme, want ja, oan board hat hy soks net. Yn de plakken dêr’t de skûtsjefloat tahâldt binne ek gjin ynternetkafés. Hy sil dan ek daliks de postdo roppe en dit stikje ferstjoere yn de hope dat de do net yn it ‘world wide web’ fertize rekket.

Skippersfeint


Skippersfeint en it Simmer 2000 syndroom

Simmer 2000 hat wer west. Skippersfeint tinkt dat in soad foarsitters fan doarpsfeesten en sa, oan dit bjusterbaarlike barren, Skippersfeint heart it de hear Wiegel noch brouwkjen nei de alvestêdetocht fan 1985 (as wie it 1986?), dus dy foarsitters, want Skippersfeint wie eefkes fan de tekst, dus dy foarsitters sille yn harren taspraak wol efkes in link lizze mei dat simmerbarren dat Fryslân trije wike yn de besnijing hâlden hat.
Skippersfeint tinkt dat soks ek by it skûtsjesilen bart, dat elke foarsitter ek dêr wol eefkes werom sjen mei op Orfeo Aqua, op Simmertime en de Slachtemarathon. Al wie it allinnich mar om oan te jaan dat der mear is as skûtsjesilen en de PC.
Foar dy foarsitters is dat weromsjen nij, se dogge it mar ien kear, ha switten op de tekst, de frou twa kear foarlêzen (ien kear gewoan en ien kear op toan), oefene foar de spegel, mar de slachtoffers, yn dit gefal de skûtsjesilers, hearre no alle dagen itselde koarte weromtinken oan it earste Fryske hichtepunt fan ús ieu.
Skippersfeint moat sizze dat Skippersfeint it gefoel hat dat de skippers dat heel beskaafd oer harren hinne komme litte. Se glimkje en se knikke. Mynhear de foarsitter hat it wer moai sein, no. En no de routekaartsjes mar en it startjild, kinne wy werom oan board.
Doe’t Skippersfeint op de lêste moandei fan july 2000 op it terras fan Iesicht by de Veenhoop omstapte, moast hy ek efkes werom tinke oan ien fan de hichtepunt fan Simmer 2000, dat Simmertimespektakel (it syndroom slacht ek by Skippersfeint ta). Deryn songen Pieter Wilkens en Rients Gratama de Fryske evergreen “Jongfolk hat wile”, oer twa maten dy’t nei it doarpsfeest sille.
No dy wille hienen de maten op de Veenhoop mar wakker, dy pûstekoppen út de Wâlden. Sommigen hienen sa’n wille dat se fan it laitsjen oeren langút op de steiger leine en net oerein komme koenen.
Se seagen der ek moai út, fan dy plakplaatsjes op de bealich en fierders reade koppen, bokserbroekjes mei de Fryske flagge en klompen oan.
Fan de skûtsjesilerij ha se net in soad sjoen, tinkt Skippersfeit. Se hienen mear oandacht foar mekoar en foar it bier. En dat lêste gie der mei liters, mei hektoliters troch. As alles tagelyk yn de Ie smiten wie, dan hie it wetter wol in desimeter heger stien.
Dat hie foar de wedstriid net folle útmakke. It wie neffens de saakkundigen gjin wedstriid, alteast gjin striid. De wyn kaam sa no en dan binnen in stik fan 25 meter fan folslein ferskillende kanten.
Mar likemin hat Skippersfeint alle wurdearring foar dy jonge fan Syperda yn syn reade himd en syn maat fan Grou yn it kreaze blauwe overal en mei de grutte sigaar. Sy waarden earste en twadde en it ferskil wie mar tolve sekonden.
No, yn sa’n koarte tiid kin der net nei de brievebus draafd wurde om dit stikje te ferstjoeren, wit...

Skippersfeint


Skippersfeint en it skûtsje mei maachsoer

Dit, bêste minsken, is gjin fabel oer bisten of kin saga oer minsken, mar in ferhaal oer pratende skûtsjes. Jimme sille sizze dat soks net kin, dat skûtsjes gjin gefoel ha, mar as der sein wurdt dat in skûtsje it brûs foar de kop hat, dan moat der dochs yn dy kop ek in bek sitte en dus kin der praat wurde.
Hawar, it wie op in sneontemiddei in oer as healwei fiven yn in doarpke oan de Pikmar dêr’t de Fryske flagge earst ferkeardom op de toer stie. Roppende en razende minsken hienen de flater fan de koartlyn noch mar begûne ieu foarkomme kind.
Twa skûtsjes, A en B, leine njonken mekoar. Se skuorken wat tsjin in oar oan, mar grutte bongels soargen derfoar dat de ‘make up’ fan de skippen net skansearre waard.
‘Nuver,’ sei skûtsje A tsjin de oare. ‘No dogge se fan dy grutte bannen oan ús liif, mar yn de wedstriid botse se gewoan tsjin ús op en kin it de baas neat skele as wy in bûle op de kop krije of wat oars.’
Skûtsje B knikte foarsichtich. Neffens it wurdsje ‘it’ soe sy manlik wêze, mar foar it ferhaal is de froulike foarm better en boppedat skipper en bemanning ek dat in skûtsje in sy is. Oars kamen dy oerynstinkten net yn de wedstriid nei boppen. Froeger wie de manlju ommers ek sljocht op harren froulju, mar yn it spyl, yn de striid joegen se harren like maklik fuort.
Hawar, sy, skûtsje B dus, wist dat der daliks minsken lulk wurde soenen as se tefolle knikte. Dan kamen se fuortendaliks wer te mjitten, dan waard se út it wetter takele en fan ûnderen besjoen. Minsken waarden dat leaver ek net, behalve, no ja ..., oan dy oare mooglikheid tocht in skûtsje net.
‘Der komt in boatsje oan mei in pear mannen dy’t nochal earnstich sjogge,’ flústere skûtsje B tsjin A. ‘O heden, meitsje dy mar klear, dat is de kommisje 2000. Nee, net dy fan de Simmerfeesten, mar fan de orizjinaliteit. Dy komme te sjen oft wy noch wel binne sa’t wy by ús berte wienen.’
It earste skûtsje helle har swurden wat op. Fan dat momint ôf koe gjin minske mear ferstean wat de skûtsjes tsjin mekoar seinen. Se skeakelen oer op de wettertaal. Mar omdat skippersfeint al salang ûnder it durkslûk libbe, hie hy der gjin swierrichheden mei.
De twa mannen stapten oan board, seine de skipper dach en gienen nei de mêst. Se klopten derop. ‘Se tinke seker dat myn holle leech fan binnen is, mar ik ha wier wol in bytsje ferstân,’ gnyske skûtsje A. Mar doe’t de mannen it plak neirûnen dêr’t de gyk mei in fersjenning oan de mêst fêst sit, begûn skûtsje A te gibeljen. ‘Ik kin der net oer as se my yn myn oksel kitelje.’
De mannen gienen de roef yn en seagen om harren hinne. ‘Dit sjocht der moai út, wakker autintyk.’ Leondine prottele tsjin har buorfrou: ‘Wat tinke se wol dat ik myn herte transplantearje litten ha? Nee, sels in pacemaker wol ik net yn myn bûk ha.’
Buorfrou B seach har ris mei in skean each oan. ‘Do hast oars wol silikonen yn de rimpels op dyn kop spuitsje litten. No ja, do neamst it beton.’
Op dat stuit moast skûtsje A proeste. ‘Se sitte oan myn bline term. Se wolle sjen oft ik wol genôch soer yn de mage ha.’
De mannen stapten wer op A’s achterholle, skriuwden wat op in briefke, joegen de baas in hân en setten wer ôf. Doe’t it boatsje hast út it sicht wie, aaide de baas har oer de stuitsjes. ‘Do hast dy bêst hâlden, famke,’ sei hy. A liet it roer even fan stjoer- nei bakboard en werom gean.
En doe spuide se it buiske wat leger, want fan tefolle maachsoer, dêr wurde je allinnich mar mislik fan, dat wit ek... Skippersfeint Skippersfeint en it swakke hout
It wie in krupsje minsken, dy’t Skippersfeint oan bêd bûn hat. No is wacht te koai fansels wol aardich foar in kear, mar soks moat net te lang duorje. Derom wie Skippersfeint o sa bliid dat hy justermiddei syn favorite plakje op de tredde stien fan de rjochterkant op de pier fan Terherne wer opsykje koe.
Nimmen wit hoe’t soks der op de Snitsermar útpakke kin. De sprekker foar de fersterker hie it wakker oer de earste wedstriid op ‘e romte. Net mear tusken it smûk skaadzjend beamtegrien, nee no op de echte weagen. Se ha it witten, de skippers en dy. It skom stie sa no en dan op de weagen en om de mûle.
As it safier is, as de wyn goed trochhellet, dan komt it op it ark oan. Skippersfeint moat sizze dat hy net safolle betrouwen mear yn dy rûnhouten hat. Twa jier ferlyn seach hy it topke fan de mêst fan Huzum yn de Snitsermar ferdwinen. No knapten der twa gaffels.
Soks mei fansels net foarkomme. Men wit hoe sterk it hout wêze moat. Sa sterk as mei de hurdste wyn. Mar as men de izeren bouten derút hellet om de saak lichter te meitsjen, of oare grapkes úthellet, ja dan wit sels Skippersfeint dat de boel it net hâlde sil. Dan is it ‘pang’ en kin de weromreis nei de feilige haven útein sette.
Foar it oare wie it in knappe kuier fan de buorren fan Terherne nei de pier en werom. Beide kearen hat Skippersfeint de boargemaster fan Terherne stean sjoen yn in kreas jaske, in streekjesbroek en mei in ketling om. Skippersfeint seach letter yn in struibriefke dat der in soad mooglikheden foar ferdivedaasje yn dat doarp binne. Benammen it strunen skynt populair te wêzen. Der binne strúntochten en der is in strúneilân.
No strúnden wy as jongfeinten ek wolris, dêr kinne de froulju yn ús doarp oer meiprate, mar dy sport waard ús gau ferbean. Soks hearde net. Dus hâlden wy der mei op, sa wie de jongerein doe. It gesach kaam op it earste plak. No ja wy hâlden fansels net daliks fansels op, sa binne jongfeinten, mar nei in pear taspraken op de jongfeinteferiening wisten wy wol wat goed en kwea wie.
En dan wurdt yn sa’n kreas doarp as Terherne, mei in boargemaster yn in streekjesbroek en in echte boargemaster dy’t foarsitter fan de Blauwe Knoop is, dêr wurdt strunen ta topper fan toeristyske kultuer makke. In sabeare polysjeman en in praam mei in sabeare stoomboat der efter, foarút, dan kin der noch op troch, mar strune op in eilân en der ek noch betelle foar krije, want as struner moat men der ek foar betelje, it moast net mâlder.
Sa, no witte se yn Terherne hoe it lân derby leit neffens de teoryen fan...

Skippersfeint
En noch tige tank foar jimme bliken fan meilibjen.


Skippersfeint en tefolle ballast

Ien dei, bêste minsken, lêst fan in firus en se begjinne al te sangerjen wêr’t it hantsje bliuwt. De minskheid is dochs mar in frjemd gefal. Gjin begrutsjen mei in skippersfeint dy’t yn de sinne ûnder in metalen tekken leit te switten en te hymjen omdat in firus troch it liif raasd. Nee, wêr is it hantsje.
Skippersfeint hie begrepen dat myn firus eins in gefolch wie fan in oar firus wêrtroch de offisjele SKS-site út de loft of better sein fan it world wide web ferdwûn wie. No’t jimme dit lêze kinne, is dy side dus wer beskikber, mar no hoecht skippersfeint dy rotte apels en hânparren dy’t je suver útknipe kinne net mear.
No, dat wie my by Terherne mar wer in raar o heden. Gjin wyn, let fan start gean, reade flagen, in start ûnderbrekke en doe eins fuort. By de earste tonne wer foar blak, dan mear wyn en skippen dy’t oer de tonne farre en trochgean en protestflagen setten en dy net yntsjinje. Der moast in bemanningslid om de sydstaach hinne draaie om de flage út it sicht fan it startskip te hâlden.
Mar de klap op de fjoerpylk kaam letter. Twa skûtsjes skrast út de útslach omdat se te min ballast yn hienen. Yn froeger dagen waard alles út it skip helle, oant de frou ta om mar sa licht mooglik te wêzen. En no mei dat net mear.
Skippersfeint tocht de SKS sa orizjineel wêze woe. Mar dy skippers binne ek dom fansels, want se hienen harren nea betraapje litte moatten. No is útkommen dat se sjoemelje, aanst docht bliken dat der mear dingen net doge.
Dy kommisje 2000, it liket wol in groep keapers lyk as dy fan de winkel dêr’t it Langwarder skûtsje de poeiermolke keapet. Alteast as je dat ôfliede moatte oan it spandoek op it folchskip. Dy kommisje 2000 krijt aanst wol in soad macht. It is te hoopjen dat de mannen net om te keapjen binne.
Skippersfeint is benijd


Skippersfeint en de grutte betizing

It hat blykber in grutte betizing west, der op Langwar. Skippersfeint stie al in skoft yn de doarpsstrjitte te wachtsjen op de priisútdieling, mar nimmen dy’t op it poadium kaam.
Skippersfeint is doe mar ôfsetten om yn de durk noch in lytse neut te nimmen en tagelyk nei dy treflike ferslachjouwers fan Omrop Fryslân te hearren, mar dy wienen ek noch net út de ried.

Wat docht men dan? Dan stapt Skippersfeint yn syn wyldsjitterke en fart by de folchskippen del, leit syn ear tsjin de troch de sinne ferwaarme en mei tarre besmarre hûd fan de frachtboaten en harket nei wat der binne sein wurdt.
By de Lemmer gie it sa: “Hoe komme se der by dat Heerenveen gjin skuld hie. We binne boppe op harren flein en dan moatte se mar oan de kant gean. Ulbe Zwaga en Peter Syperda soenen harren yn de fernieling jage ha. Dan moatte se mar troch protesteare.”
By de Hearrenfeansters hearde Skippersfeint: “Wy ha earst efkes noflik mei Ale Zwerver en Ulbe Zwaga praat. It wie sneu fansels dat Ale sa syn opstekker ferspile, mar dan hie hy ek mar romte jaan moatten. En ja, (Skippersfeint heart Allard Syperda hast gûlend fan it laaitsjen snotterje) doe kaam ik te let by de sjuery. No ja, dan krije trije punten, mar dy syl ik der wol wer ôf.”
By Ulbe Zwaga koe Skippersfeint de goede boat net fine. Hy hearde wol in akkordeonist, it like Gerard Wiersma fan de Jouwer wol, en sy hienen in woanskip dat oan de Singel lei en skûtsjesilen wie harren nocht, mar de rest wie net te ferstean.
En doe ynienen seach Skippersfeint in lyts speedboatsje, merk Glastron, foarbykommen. Dêr waard wakker yn diskusjearje. Wienen it no ien of twa wedstriden? De mannen kamen net út de ried. Skippersfeint lei plat op de bûk yn syn boatsje, mar hat noch wol roppen: “Leve de sylried!”
De manlju gienen daliks stean en ôwlen: “dat is it, joechei, joechei joechei, sylried here we come”, mar wat se dêr mei bedoelden, wit Skippersfeint net. Mar ja, sa’n heech berop hat Skippersfeint ek net.
Doe’t hy letter stikem (de baas wie der dochs net)yn de roef efkes de satellyttelevyzje oansette op teletekst en nei de útslach fan de Langwarder wedstriid seach, doe snapte hy der helendal neat mear fan. Sokke nuvere punten, dit kin net doge. Mar mooglik is der nije wike mear dúdlikheid. Dat alteast hopet Skippersfeint


Skippersfeint oer de etyk fan it silen

Skippersfeint wit dat it in dreech ûnderwurp wurdt, de etyk fan it silen, benammen dy fan it skûtsjesilen. Mar dat mei ek wolris. It is ommers wykein en dat fynt men yn de kranten ek wat dregere stikken. En yn dizze tiid fan wille en Snitswike, mar der wolris stil stien wurde by de fragen des silerslibben.
Wat is hurdsilen eins? Skippersfeint hat der in simpele ferklearring foar: elk is hurdsiler en wol in oar foarby. Sa hat it altyd west en sil it altyd wêze.
Eartiids sylden de skûtsjeskippers altyd wedstriid. Se woenen de earsten foar de fracht wêze, want dan makke se de bêste priis. En as de lading gau wer út it rom wie, dan koe der in nije yn en dat levere mear fertsjinsten op.
As skûtsjefamyljes by mekoar leinen, dan waard der ek wolris in wedstriidsje hâlden en dat jilden de eigen wetten. Mar se meiden mekoar omdat mei it skip brea fertsjinne wurde moast. Sokke ûnderlinge wedstriidsjes ha foar ferskate sylferieningen ek it begjin west.
Yn de rin fan de jierren binne der feroarings kaam. It skûtsjesilen wie net mear in sport foar in kloftke skippers en dy. Kasteleins skriuwden wedstriden en fregen ferstannige minsken de lieding te ha. De foarrinners fan de wedstriidkommisjes fan de SKS.
Soks betsjutte ek dat der wedstriidrigels kamen, foar in part baseare op de besteande rigels, dy’t letter werom fûn wurde koene yn bygelyks it Binnenvaart Plysje Reglement. (Jim fernimme it wol: Skippersfeint hat him yn de matearje ferdjippe.)
Fan silen mei skûtsjes, fan hurdsile mei skûtsjes, waard it wedstriidsile mei skûtsjes en dat brocht in folslein oare mentaliteit mei him mei. De belangen waarden grutter. Mienskippen yn stêden en doarpen stekke der in protte jild yn en wolle resultaat sjen.
Is it dan frjemd dat immen flak foar de finish besiket de konkurrint mei in protest út te skeakeljen? Nee. It is dan frjemd dat de seeën heech rinne by protestbehannelingen en dat dan besocht wurdt de konkurrint te beynfloedzjen? Nee.
It heart by it hjoeddeiske hurdsilen, mar net by it skûtsjesilen sa’t de grutte foarbylden fan Skippersfeint it bedoeld ha.
Jan van Aker, Ulbe Zwaga, Sietse Hobma, Tjitte Brouwer, Siete Meeter, as jimme fan boppe nei soksoarte saken sjogge, ferjou it jim bern, de skûtsjesilers fan no, dat se sa dogge. Se kinne net mear oars. En gûl der net te folle om want dan reint is sa hjirûnder,dat is op dizze snein de bea fan jimme ... Skippersfeint


It pypke fan Lodewyk

It wie mar in nuveraardich ferhaal dat Skippersfeint hearde. Nei’t de firus folslein út it liif ferdwûn wie, siet Skippersfeint op it terras fan in lyts kroechje earne yn it Fryske wetterlân. Oan in taffeltsje njonken him, sieten twa minsken, sa te sjen wol út it skûtsjesilersfermidden, te praten.
‘Lodewyk syn pypke is sa dea as in lûs, hat hij sein tidens it routebesprek yn Langwar. Van der Wal fan de Kommisje 2000 hat him doe sein dat hy better nei de dokter kin en as it dan net klearkomt, tsja dan hat Lodewyk in probleem.’
Skippersfeint hearde dat ferhaal mei ferbazing oan. Mar al gau waard dúdlik wat der te rêden wie. Yn it rom fan it skûtsje sit in peilglês, mei derop in markearpunt. Der moat it wetter oan ta komme, want dan kin besjoen wurde of it skip net te leech of te heech leit. Te leech is gjin probleem, mar te heech, dan is der ballast út helle en dat wie by Drachten en de Lemmer it gefal.
Om no goed sjen te kinnen hoe heech it wetter stiet, moat de dop fan it pypke ôfhelle wurde en moat it trochblaasd wurde.
It skynt sa te wêzen dat de skippers moarns ier en betiid ear’t de bemanning fan bêd is, al eefkes sjogge hoe’t it der mei it wetter yn it pypke foarstiet. By de skûtsjesilers it no de siswize net mear yn it waar sjen, mar yn it pypke sjen.
In oar ferhaal is dat it blazen fan it pypke jûns ek oanjout oft de skipper net tefolle yn it waar sjoen hat. It hinget fan de kleur fan it wetter ôf hoe’t it der mei de skipper foar stiet. Hoe heech it promillaazje is, wurdt noch net oanjûn. It earbied foar de Kommisje 2000 wurdt foar dy kontrôle in oar pypke brûkt.
Sa kin men sjen dat it skûtsjesilen mei de tiid meigiet. De SKS hat der dan ek goed oan dien yn it ferline mei Douwe Egberts as haadsponsor yn see te gean. Dat bedriuw kin op in foartreklike wize soargje foar in goede fertinning. En dat Grolsch ek noch in kear soarget foar de druk op de tsjettel nei de wedstriid, dertroch sil it allinnich mar better wurde. Skippersfeint
Skippersfeint en de technyk
Technyk minsken is eat dêr’t Skippersfeint net altyd like goed mei út de fuotten kin. Eins is Skippersfeint wat in digibeet, in analfabeet op it mêd fan de digitale hurdridersdyk. Dat is ek de reden dat de wedstriid fan Wâldsein it dwaan moast sûnder in skriuwsel dat bedoeld is foar de Frysktalige fynpriuwer.
Ien druk op de knop en it soe op Ynternet stean, hienen se Skippersfeint by it Ynternetwebsitemeitsjende folk fan it bedriuw mei de ûnútsprekbere namme Vincis ferteld.
Justerjûn wie it wer ris prakkesearje hokker knop it ek al wer wie. Doe’t Skippersfeint op in knop en dus net de goede drukt hie, waard it byld wyt en hie Skippersfeint it idee dat syn stikje ferstjoerd wie.
No, dat wie it gefal wol, mar net nei de site, mar nei de jiske-amer of hoe’t soks ek mar hiet yn Windows-rûnten. Fanmiddei lei it der noch yn, mar no net mear. It stik fan juster is no definityf opromme. Net sa slim, want it wie net in sterk ferhaal.
Aldergelokkichst is it skûtsjesilen noch net sa bot digitalisearre. It soe al in rare saak wêze dat men de boatsjes fan te foaren programmearje koe hoe’t de baan te farren.
Oan de oare kant soe it foar it publyk wol aardich wêze. Op in grut byldskerm yn de kroech of op de eigen monitor thús kin de striid op in soarte fan plattegrûn folge wurde.
Derby jouwe saakkundigen lyk as Klaas Jansma (Omrop Fryslân), Roy Heiner (seesiler) en Lodewyk Meeter sr (skouwkefarder, hearinghapper en âld-skipper) yn in apart kader kommentaar op it hâlden en dragen fan de skippers.
Der komt mei help fan dy trije in apart klassemint ta stân. Wy kinne tenei dan ek trije soarten fan prizen by it skûtsjesilen. Yn it foarste plak de echte priis dy’t mei it silen fertsjinne wurde moat. Dan de saakkundigenpriis ta te kennen troch de trije niisneamde minsken, en de publykspriis.
Hoe’t dy publykspriis ta stân komt, dêr moatte wy nochris oer prate. Skippersfeint hat wol in idee. Alle kearen dat der in wichtich momint yn de wedstriid is,.kin it publyk ynsette op de útkomst. Giet Grou oer stjoerboard der foar del of der efter lâns?
Docht Grou wat de mearderheid fan it publyk seit, dan krijt Grou in tal punten. Sa komt de publykspriis ta stân.
Ja, ja, jimme sjogge it: sa no en dan komt der noch wolris wat goeds út de holle fan Skippersfeint


Skippersfeint en de knoopkes fan Waalkens

It moat Skippersfeint fan it hert, de waarlju ha it dit jier mear mis dan goed. Skippersfeint wie fansels hjoed op de Lemmer en seach fan 'e moarn by it routebesprek efkes om de doar. De temperatuer yn de boppeseal fan de Wildeman wie doe al heger as bûtendoar. Skippersfeint woe de strik al ôfdwaan, mar kaam der doe achter dat hy helendal gjin strik om hie. Doe hat hy it swit mar efkes mei de trui fan it waarfroutsje ôffaaid.
De wyn soe ...(en doe koe Skippersfeint it krekte tal net hearre, mar wol dat frou Waalkens it oer knoopjes hie). It kaam him daliks yn ‘t sin dat hy earne noch in kassettebântsje lizzen hie mei derop de muzyk fan Piter Wilkens dêr’t er sjongt oer de knoopkes dy’t hy los meitsje mocht by in fanke dat by de buorlju útfanhûze, mar doe’t it grutte momint der hast wie, kaam omke binnen. No, dy knoopkes sil frou Waalkens wol net bedoeld ha.
It is in heel o heden, hat Skippersfeint no wol troch. O ja, hy bedoeld it routebesprek. Allegearre pommeranten, de boargemasters fan de Lemmer en Ljouwert foarop. Jo Bosma en frou Van Maanen sieten pontifikaal foaroan, mar de show wie foar de sjongende wethâlder Wytze de Haan dy’t net fan it echte skippersfolk te ûnderskieden wie.
De begintaspraak wie fan de foarsitter fan Ljouwert en hy dielde mei dat de kas fan Ljouwert leech wie. In fergees bakje kofje foar de skippers koe der noch krekt ôf. Skippersfeint hat middeis eefkes op de dyk west te sjen, nou, de kas sil no wer aardich fol sitte, wat in folk.
En dan wie der noch de diskusje oer hoe’t de butterflybaan yn it Frysk hiet. Sânrinner, sei Jaap Frankema fan de Lemster kommisje, Sânglês miende Klaas Jansma fan Omrop Fryslân. No is it de fraach hoe’t de oare wedstriidbaan yn de foarm fan in trijehoek hite sil. Neffens de gelearden in tingel-tangel baan, mar dat sil de takomst ús fernije.
Ja, en doe wie it routebesprek dien en gie elkenien zijns weegs. De skippers nei it skûtsje, it folk nei de dyk en de pommeranten nei it miel. Skippersfeint hat eefkes de kok frege wat der op it menu stie.
Hy glimke: “in bret hintsje. Ik ha se by de kream by de slûs mei koarting kocht, want Ljouwert hat ferline jier mei dy fertsjustering fan de sinne wat tefolle jild útjûn, sjoch. En sa kinne wy foar harren de kosten wat drukke. Mar moarn wurdt it miel wat rynsker, dan betellet de Lemmer it sels. Dan keapje ik wol wat bakte fiskjes.”
Skippersfeint


De lijside te bakboard

It sit der foar Skippersfeint dit jier wer op, beste minsken. De redaksje fan dizze side hat him witte litten dat der moarn gjin skriuwsel hoecht te kommen. Op ynternet giet de fisk net yn de krante, mar Skippersfeint tinkt dat de redaksje benaud is foar de krityk fan ûnderskreaune op sa’n priisútrikking yn de Snitser sporthal.
De pommeranten fan de SKS hoege net benaud te wêzen. Skippersfeint sil him yn de Snitser Sporthal ferskûlje efter de palmbeam, in bakje kofje út de hannen fan de froulju fan de sponsor pakke, klappe foar elke skipper, bravo-e foar Berend Mink en in bytsje gûle as it Frysk Folksliet te hearren is.
It binne fan dy mominten dat Skippersfeint bliid is dat hy in Fries is. Dat gefoel hie hy ek by Simmer 2000 doe’t hy op de televyzje al dy brune kofferkes fan Iduna seach (yndied dy froulju dy’t foar de keninginne dûnsen. Soe HM wol troch hân ha dat se de emigranten symbolisearren?) Skippersfeint hie dat gefoel ek doe’t hy oer de brêge by Easterwierrum al dy fuotstappen hearde fan alle Slachterinners. En wat te tinken fan Simmertime?
No is foar Skippersfeint Simmer 2000 echt oer. No hoecht der ek neat mear te kommen. De hjerst kin wol los stoarmje. De oare skûtsje-organisaasje winsket Skippersfeint in soad wille, mar dat binne net allinnich Friezen, mar ek silers fan om utens. Dy hearre wol by de simmer, mar net by dè SIMMER.
Sa, dat woe Skippersfeint noch even kwyt ear’t hy wer foar in jier it durkslûk boppe him op slot docht. (Nee minsken, net benaud wêze, Skippersfeint wennet op in fan binnen keal noch net ferlingd wedstriidskûtsje en kin der troch de noch net betimmere roef wer út komme.)
Skippersfeint wol noch wol in pear komplimintsjes útdiele. Yn it foarste plak oan Peter Syperda fan de Jouwer. Hy hat syn broer Allard no ris yn it skaad set troch safolle strafpunten te ynkassearjen. Elts hat begrutsjen mei Peter, ek binnen de float, mar dat hoecht perfoarst net. Hy hat it goed kommersjeel oanpakt. Der sille dus grif oare skippers of kommisjes by him komme om in ferlinging of wat oars út te fieren.
Ek in komplimint oan Frans Huitema fan Drachten. Ek sa’n nije skipper dy’t dien hat wat elke nije skipper dwaan moatte soe. Der gewoan ynbatse, de reade flagge yn it want en protesteare. Je ha net foar neat in kursus foar ditsoarte fan saken folge. Hulde.
En dan noch it grutste komplimint oan Jetze van der Goot. Hy liuwt it no wol en hâld der mei op as jurylid. Mear as 25 jier dat geëamel hat hy oanheard, skippers dy’t mekoar foar kloat útmakken. Jetze wol it fan de oare kant besjen en Berend Mink, hat Skippersfeint heard, hat Van der Goot al benadere om as adviseur op syn achterdek te kommen. Mink wit dat hy it dreech krije sil it oare jier en pak de titel op ‘e nij en derom wol hy De Groot as reglemintssaakkundige mei ha.
Sa kinne je mar wer sjen dat wichtige saken harren skaad foarút werpe, lyk as it Nederlânske sprekwurd seit. Op 14 july 2001 krije jim de Nederlânske
oersetting en oant sa lang: het ga u goed, de lijzijde te bakboord,

Skippersfeint