Terug naar de voorpagina...

In earesalút oan Meindert de Groot (71)

26 Maaie 2017 - Hjoed nokke de skûtsjes op de Iselmar by de Lemmer. Mei it minút lang de gaffel sakje litten wurdt in earesalút brocht oan Meindert de Groot fan Starum, de âld-skipper fan it SWH-skûtsje. Hy is moandei ferstoarn en wurdt hjoed te hôf brocht.

Meindert de Groot De Groot (foto SKS/Martin de Jong) is 71 jier wurde. Hy waard in 1981 skipper op it Starumer skûtsje by de SKS; yn 2009 waard hy opfolge troch soan Auke. Syn oare soan Jan hat lange jierren bestjoerslid fan de SKS west.

Hy kaam oan it roer doe't de skippers fan de begjinjierren fan de SKS noch mei sylden: Sytse Hobma, Siete en Lodewyk Meeter, Jan en Albert van Akker en de Zwaga's om in pear nammen te neamen. Hy naam ôfskied doe't de jongeren yn de wedstriden foar master opsloegen.

Meindert makke de omslach mei fan it tradisjonele skûtsjesilen nei it hurdsilen mei skûtsjes sa't wy dat no kenne. It heucht my net dat hy him der ea oer útlitten hat, net yn it iepenbier alteast.

Meindert sil de skiednis yngean as ien fan de skippers fan de middenmoat, mar út it fleugel-klassement wurdt dúdlik dat hy dochs seis kear in wedstriid wûn hat, ek seis kear twadde en alve kear tredde wurden is yn de offisjele wedstriden. Dermei stiet hy op in 33ste plak.

swh-skûtsjeMeindert hat him ek bûten de hurdsilerijen tige fertsjinstlik makke. Ik kin der út eigen ûnderfining oer meiprate. Ferskate kearen haw ik tidens in silerij mei ploechjes by Meindert en Holk oan board fan de Ribbeklauwer in bakje dronken en efkes noflik bypraten.

Myn moaiste oantinken is oan sa'n silerij by Earnewâld. In sponsor hie gasten noege, ik waard frege om wat oer it silen te fertellen en der waard fansels ek efkes syld. It waaide net al te hurd.

Ik stie efterop by skipper Meindert en wy fearen mei romme wyn op de Ulekrite ôf, dat smelle en bochtige stikje wetter op nei hotel Princenhof.

Meindert sei ynienen: "do praatst altyd oer it silen as hiest der ferstân fan. Nou stjoer him no dan mar!" Hy stapte by it roer wei en rûn nei it foardek om wat oan de fok te feroarjen.

Wy binne sûnder swierrichheden út de Ulekrite kaam, al wie ik wol wat switterich yn 'e hannen. Meindert kaam wer by my stean. Hy sei neat, lei de hân op myn skouder en gnyske even. It wie goed sa.


Festivalkoorts kent bijverschijnselen

18 mei 2017 - Het wordt warmer en dat heeft, zo blijkt, effect op de festivalkoorts. Bij de krant zat vanmorgen een bijlage voor het Oranjewoud-festival, op de agenda staat Heechspanning (volgende week donderdag) en volgen nog vele festivals. Ook in Sneek, al heet dat gewoon Sneekweek.

poster oerol Gisteravond zat ik rond acht uur lichtelijk gespannen achter de computer om kaartjes voor het komende Oerol op Terschelling te "scoren". Ja vrienden, de Opregte Sneeker gaat mee in het moderne taalgebruik.

Hoewel, dat laatste "noasket" mij niet altijd. Frou D. maakte mij bijvoorbeeld attent op een reisadvertentie waarin gekoketteerd werd met een "Surprising Holland gastheer of -vrouw gedurende de hele reis".

Wat moet ik mij daarbij voorstellen? Krijgt een alleen reizende vrouw of man namens de reisorganisatie de hele week een man of vrouw aan haar of zijn zijde, die haar of hem steeds weer verrast? Hoe noemde men vroeger zo'n iemand ook al weer?

Wachtrij

Terug naar de woensdagavondspanning rond het kaartjes boeken. Vorig jaar werd ik uit de wachtrij ("bedoeld om iedereen gelijke kansen te bieden", aldus de Oerolsite) gegooid. Het ticketsysteem stortte in elkaar en een avond later was het nieuwe ronde, nieuwe kansen.

Om 20.00 uur was het uur nul weer daar. Om 20.00 uur 15 seconden zat ik op nummer 1043 in het systeem en begon het wachten en bekijken van een steeds aangroeiend balkje dat na 15 seconden weer op wit ging en weer begon te lopen. Dan verbeterde mijn plaats in de digitale file. Om 20.20 uur zat ik de bestelrij.

Ik vermoei de edele lezer niet met wat ik moest doen om mijn kaartjes te reserveren en te betalen. Het ging, gezien mijn beperkte kennis van deze procedure, dat het "slydjage". Op Facebook en Twitter las ik later andere verhalen.

Hemels geheugen

Tja, het lot van onze generatie is dat wij te maken krijgen met programmeurs (en andere computerfanaten) die ervan uitgaan dat alle digibeten inmiddels zijn overgegaan van het aardse World Wide Web naar het Hemelrijk, waar iedereen geestelijk in hetzelfde geheugen zit en dus alles weet en niets meer hoeft te leren.

Hoe verklaar ik anders dat schoonmoeder van 94 jaar (inmiddels zaliger) het (dwingende) verzoek van haar ziektekostenverzekeraar kreeg om nou toch maar eens over te schakelen op een digitale polis? Nog even en dan worden dergelijke klanten uit de verzekering geflikkerd. Omdat de postzegels te veel geld kosten.

We mogen ons nog gelukkig prijzen, vrienden, dat we voor het kopen van kaartjes van Theater Sneek nog terecht kunnen aan een kassa met levende medewerkers. Je zal de zaterdagen van de voorverkoop maar terechtkomen in een computerwachtrij, ergens in een datacentrum in Amerika of China. Voor kaartjes van de Bonte Sneeker Avond, een feest waar Trump zeker nog nooit van heeft gehoord.


De geschiedenis komt dichtbij

Sneek, 12 mei 2017 - We zijn er weer een paar dagen op uit geweest, Frou D. en uw pen voerende dienaar. Musea bezoeken, sfeer proeven in 's lands hoofdstad. Is het er echt zo druk aan het worden met al die buitenlandse toeristen?

Ik vond het wel meevallen. Goed, je hoort zo nu en dan een ratjetoe aan talen, waarbij vaak het Nederlands in de minderheid is. Maar er was volop ruimte om over de Dam of door de Kalverstraat te banjeren.

Nee, dan in de grote musea. In de Hermitage moest je tussen de mensen door laveren. Bijna iedereen had zo'n smartphone-achtig apparaatje aan het oor, dat uitlegde wat je zelf kon zien. En dus ontstond bij bijna ieder doek een opstopping.

Dat was bij de Romanovs het geval en in het Rembrandhuis. Het boek van Geert Mak over Jan Six leidde tot een interessante tentoonstelling in dat pand aan de Jodenbreestraat. Daarnaast bekeken we prachtige foto's van Ed van der Elsken in het Stedelijk.

holocaust museum Maar de meeste indruk maakte op mij het Nationaal Holocaust Museum, een nieuw museum in opbouw. Er was onder meer een foto-expositie van Joden die zich lieten portretteren voordat ze werden afgevoerd naar Westerbork en verder naar de vernietigingskampen. Twee panelen daarvan waren gevuld met foto's van mensen, waarvan de naam niet meer bekend is.

Het museum is te vinden naast het pand waar in de Tweede Wereldoorlog de Joodse kinderen werden ondergebracht en bijna tegenover de Hollandsche Schouwburg. De verzamelplaats van de Amsterdamse Joden. Uit deze "kindercrèche" werd een buurjongen van de Sneker Singel gered uit de handen van de moffen. Hij was toen nog een baby die niet besefte dat zijn ouders aan de overkant van de straat wachten op deportatie. Op zo'n moment vallen verleden en heden even samen.

brok en koppen Net als woensdagmiddag in ons onvolprezen Fries Scheepvaart Museum. Daar nam onze oud-burgemeester Arno Brok "Friesland Vandaag" in ontvangst. Dit boek is geschreven door onze stadgenoot Hans Koppen. Daarover later meer.

Rijksheer is de term waarmee Brok zijn inmiddels al weer een paar maanden oude functie van Commissaris des Konings aanduidt. (Voor mijn gevoel was hij nooit burgervader van Dordrecht.)

Zichzelf aanduidend met Rijksheer toont aan dat hij niet schroomt zijn toespraken een politieke lading mee te geven. In tegenstelling tot bepaalde voorgangers op het provinciehuis. Zij waakten daarvoor, want zij vonden dat politieke statements voorbehouden waren aan de gedeputeerden, de wethouders van de provincie.

Brok deed een paar stevige uitspraken over bijvoorbeeld de rol die de minderheden in een verenigd Europa moeten en kunnen opeisen. Pluriformiteit is belangrijk voor de samenleving, de mienskip.

Het zal wel aan mij liggen, maar ik heb er niets over gelezen in de kranten. In ieder geval niet in de Leeuwarder. Wat ik wel zag, was een grote "flater". Bij een verhaal over de herverkaveling van de ligplaatsen van de Marrekrite drukte de redactie als voorbeeld een luchtfoto af van het Kolmarslân, van ons starteiland, met zijn jachthavens.

starteiland Bijgaand kaartje, een uitsnede van de officiële Marrekritekaart, leert wat anders. (Rode stippen en blauwe blokjes zijn Marrekrite-voorzieningen.) Op het starteiland (te vinden onder de letters sleat van Houkesleat) beschikt de nuttige recreatie-organisatie over geen enkel stukje grond, laat staan over een ligplaats. En nergens in de provincie kun je een Marrekrite-jachthaven vinden.


It skûtsjesilen ûnderút troch de media?

4 Maaie 2017 – Der driget dit jier in "kriich" by en bûten it skûtsjesilen te ûntstean. Fan 'e moarn lies ik op de nijsside fan Omrop Fryslân dat hja yn Ljouwert fan doel binne om de hurdsilerijen fan SKS en IFKS folslein op telefyzje en ynternet út te stjoeren.

Moai nijs foar de leafhawwers fan dizze sport fansels. Mar neffens my is dizze ûntjouwing net in aardigheidsje dat de omrop foar de harkers en sjongers betocht hat. It is in gefolch fan wat de eardere Omrop Fryslân skûtsjeferslachjouwer Klaas Jansma fan doel is.

jansma Klaas makke in pear moannen ferlyn bekend dat hy tegearre mei syn maat Jan Heida in alternatyf skûtsjeprogramma meitsje wol. (Fia ynternet en mooglik mei in tydlike fergunning fia de eter.)

Werom? Ik ha sa myn fermoedens. Klaas hie ôfskied fan it radioferslach nommen, mar kaam sa no en dan noch werom op telefyzje as saakkundige. Soe hy derfoar betanke wêze en wol hy mei in eigen "stjoerder" yn de "picture" bliuwe? Sommigen kinne net sûnder it applaus fan it publyk.

As andert op de plannen fan Klaas komt de Omrop no mei yntegrale útstjoeringen op telefyzje en ynternet. De mooglikheden binne beskikber, want no al wurde de bylden fan de wedstriden al fêstlein mei kamera's op it wetter. Mar oant no ta waarden dy allinnich brûkt foar it ferslach en op ynternet.

Mei dizze nije opset wol de Omrop foarkomme dat it publyk kiest foar Klaas en syn maten. Sa nij is ut dus net; it is mear in optimale ynset fan wat der al is.

Mar der leit lykwols noch in potinsjele konkurrint op 'e loer: Podium TV, ûnderdiel fan de NDC, de útjouwer fan de Ljouwert, it Friesch Dagblad en in grut tal streekblêden yn ús provinsje. Yndied, dy fan de grutte adfertinsjes.

Podium TV opponearret him hieltyd mear mei regionale sport op telefyzje. Wedstriden fan VC Sneek wurde bygelyks folslein útstjoerd, it barren "de 4 mijl van Sneek" wurdt profesjoneel yn byld brocht. Op it mêd fan de sport wurdt Podium TV hieltyd mear in grutte konkurrint foar de Omrop. Logysk, it folk wol ommers "brood en spelen".

drukte As earder bestjoerslid fan de SKS en ferslachjouwer foar it publyk (en by de Omrop) sjoch ik de takomst by de SKS en IFKS al foar my: Podium TV wil ek in ploech op it wetter; Klaas Jansma easket ek in plakje op fanwegen syn aktiviteiten. En wa wit binne der aanst noch mear media dy't tinke dat sy deselde rjochten easkje kinne.

Sjogge jimme it al foar jimme: tusken de boatjes fan de media binne amper noch skûtsjes te sjen. It authentieke byld op telefyzje is der net mear. En it publyk sjocht it spektakel amper noch en giet teloarsteld op hûs oan. Adieu skûtsjesilen. It is tryst mar net oars: Ten Onder Gegaan Aan Het Eigen Succes.