Terug naar de voorpagina...

In Wenen weende de hemel

Sneek 31 januari 2019 – De Opregte Sneeker was een paar dagen op de hort met Frou D. Naar Wenen. Het leven van uw scribent kent weinig tradities, maar een daarvan is bijwonen het jaarlijkse nieuwjaarsconcert van de Wiener Philharmoniker. Met die prachtige beelden van het ballet in de Oostenrijkse Hofstad. Voor de beeldbuis uiteraard.

Met dat op het netvlies en vol verwachting reisden we af. Eerst een ommelandse reis met de trein (de intercity naar Schiphol was geschrapt vanwege een kapotte trein tussen Zwolle en Meppel), daarna vliegen met onze nationale blauwe trots in bijna twee uur richting het oosten en vervolgens per taxi naar het hotel.

Onze chauffeur waarschuwde al: het was niet de mooiste tijd van het jaar om Wenen te bezoeken. Maar, wisten we uit zijn woorden op te maken, er was nog genoeg te zien. Vooral binnen.

Wenen Dat laatste was belangrijk, leerden de weerapps op de smartphone ons. Want nadat we 's morgens de ragfijne sneeuwvlokjes voorbij zagen komen, werd het een dag van koude regen en een striemende wind. Dus met de metro onder de grond naar Oostenrijks bekendste kasteel, Slot Schönbronn, en naar de Belvedère.

In die eerste bezienswaardigheid kreeg uw dienaar na verloop van tijd republikeinse gevoelens. Wat een overdaad en in wat een weelde leefde die Habsburgse monarchie. En wat heeft de bevolking voor die elite moeten bloeden.

Gelukkig vergoedden de schilderijen in de Belvedere veel. En natuurlijk ook de Hofburg, het stadskasteel waar het leven van ons aller Sisi (Keizerin Elisabeth) prachtig weergegeven werd, inclusief alle serviezen en bestekken.

Bij het uitgaan passeerden we het "paleis" van de Bundeskanzler, dat bewaakt werd door een man in wie wij een vroegere Sneker carnavalsprins meenden te herkennen. Hij groette ons vriendelijk terug.

WenenTraditionele toeristen als we waren woonden we ook een training in de beroemde Spaanse Rijschool bij. Vier porties van een half uur met dezelfde ruiters, maar met verschillende paarden. En met dezelfde oefeningen.

Een avondlijke kuier met restaurantbezoek zorgde voor een onvergetelijke ervaring. Voor de universiteit klapten, zongen en trommelden studenten. Een demonstratie hoorden we later.

Om bij ons restaurant te komen moesten we, als gevolg van die acties, tussen de politiewagens door laveren. Op een plein een rijtje van tien stuks en verder wagens die smalle straten blokkeerden. Geen student schijnt overigens die avond, althans in groepsverband, de Innenstadt te hebben bezocht.

Wenen De laatste dag was het eindelijk zonnig. Tijdens een korte wandeling doemde een immense stadsijsbaan op. Boven onze Wip kon je ooit gratis schaatsen. De Wenenaren moesten stevig dokken, maar ja, de drie ijsmachines rijden niet op lucht. Het was een compleet pretpark in Duitse kerstmarkt stijl. Met glühwein, braatwürst en wat dies meer zij. Dat lieten wij aan ons voorbij gaan.

De Opregte Sneeker moest even aan Bertus en Leo (knakworst) Poiesz denken. Precies, onze illustere uitbaters van de koek en zoppie en de worsttent op het starteiland.


Moat toaniel saken besprekber meitsje?
Neffens “Simmerjûn” wol

Snits, 17 jannewaris 2019 - Der wurdt ferskillend tocht oer hoe ’t de rol fan de keunst wêze moat. Moat it bygelyks wichtich yn de ûntwikkeling fan de maatskippij wêze? In foarbyld: wy learden op skoalle dat in opera (“De Stomme van Portici”) it begjin fan de Belgyske opstân (1830) tsjin de Nederlânske kening Willem I west hat.

simmerjûn Nei de foarstelling brutsen der yn Brussel rellen út. It begjin fan Belgyske Revolusje en in pear moannen letter wie Willem I in súdlike part fan syn ryk kwyt. Hjir spile dus de keunst op it poadium in grutte rol en beynfloede de takomst.

Datselde kinst sizze fan dy ferneamde foto út 1972 fan de Amerikaan Nick Ut. In bleat famke is earne yn Vietnam mei oare bern op de flecht foar brân nei’t de Amerikanen in loftoanfal mei napalm útfierd hiene. Dat byld feroare hoe ’t de wrâld tsjin dy oarloch oanseach.

Twongen om nei te tinken

Taskôgers wurde troch de keunst yn hokker foarm ek “twongen” nei te tinken oer hoe’t saken yn mekoar stekke en wat de gefolgen wêze kinne fan wat hja sjoen ha.

Under dy rjochting binnen de keunst kinst ek it toanielstik “It wie op in simmerjûn” pleatse. It publyk sjocht hoe’t spilers Joke Tjalsma en Jan Arendz (foto René den Engelsman) wrakselje mei de tematyk om de selskeazen dea hinne.

Op twa manieren. As de heit en mem. Hy hat lêst fan alderhande kwaaltsjes; sy begjint te deminteren. Tegearre binne se fan plan tagelyk dea te gean. Wa’t de rou- adfertinstjes yn de krante folget, wit dat soks faak foarkomt.

En dan binne der de dochter, dy’t in nije faze yn in relaasje yngiet (hy komt mei syn koffer by har del om by har te wenjen mei alle aardige en minder aardige gefolgen). Sy wrakselet fanút har gefoel as bern mei it foarnimmen fan har âlden. Har freon besjocht dat rasjoneel (“Jo moatte de foar en tsjin arguminten tsjin inoar ôfsette.”)

Ûnder en benammen nei it stik tinkst nei oer hoe't it mei de eigen âlden gien is en hoe datsto it sels dwaan wolst. En hast it rjocht om fan in oar te fergjen dat hy of sy tagelyk mei dy út it libben stapt?

Besprekber meitsje

Bouke Oldehof hat mei “In simmerjûn” in stik skreaun dat dizze problematyk besprekber makket. Benammen de demintearjende mem soarget derfoar dat it dochs net al te dramatysk wurdt, dat it sels sa no en dan humoristysk is. En datsto begrutsjen mei heit en dochter krijst. De freon is derby in symboal foar de maatskippij dy’t him op ôfstân mei de famylje bemuoit.

De gestalte fan de heit en de freon fan de dochter (in dûbbelrol fan Jan Arendz) liket op it poadium de kwetsbere mem en dochter (Joke Tjalsma) te dominearjen. Jos Thie hat mei syn regy de persoanen yn it lykwicht hâlde kinnen.

It stik is nei in iepenbiere repetysje al trije kear yn Theater Sneek spile en alle jûnen wie der in daverjend applaus nei ôfrin en in soad neipraat yn de foyer. Pier 21, yn de persoan fan David Lelyveld, fertsjinnet alle lof foar dizze frije produksje, dy’t rûnom yn de provinsje spile wurde sil (en ek der bûten).